jeugdbeliedsplan oanbean oan jeugdkommisje

Op de jier fergadering fan Jacob Klaver hat Geart Oostra it “jeugdbeleidsplan” oanbean oan Anneke van der Sluis. De jeugdkommisje , wer ’t Anneke foarsitter fan is, hat de ôfrûne seizoenen sjen litten dat der best wat mooglik is. Sa komme der dit seizoen sa ’n 45 te trainen yn de seal en letter noch mear op it fjild. Mei dit jeugdbeleidsplan hoopje wy ûnder oaren ek dizze nije leden fêst te hâlden. It plan is goed, want de KNKB hat dit beleanne mei in “subsydzje” út it Jan Rodenhuis fonds. De wedstriidaginda fan de feriening is ek fêststeld op de fergadering. Hjirneist stiet er alwer.

Geplaatst op 19 March 2008